Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Auteur

Baukje Wytsma

Baukje Wytsma

Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) debutearre yn 1976 mei it boekje Romke Timen Tomke en oare opsizferskes, yn 1978 folge troch De rare richelroek en oare opsizferskes. Har earste bondel mei persoanlike poëzy, Noch ien slach om 'e buorren, ferskynde yn 1980, fan dy bondel kaam twa jier letter in werprintinge út.

Nei har debútbondel kaam der om de pear jier in nije bondel fan Wytsma yn it ljocht. Sa ferskynden: It blau fan de Hortinsje (1984), Heech gers (1987), By ljochtskyndei (1989), In see fan wetter (1993), Thúslûd (1997), Kom mei in koer (2001), De dichter swijt (2005) en Sân wylgen (2010).

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Baukje Wytsma.

12 Produkt(en)

Roaster  List 

12 Produkt(en)

Roaster  List