Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Anne Tsjerkstra, in libben tusken de swurden

Anne Tsjerkstra, in libben tusken de swurden

Auteur: Jan de Vries
€ 15,00

Snel Overzicht

Anne Tsjerkstra, in libben tusken de swurden
skreaun troch Jan de Vries, mei yllustraasjes fan Anne Tsjerkstra
OF

Details

Anne Tsjerkstra, in libben tusken de swurden
Jan de Vries, mei yllustraasjes fan Anne Tsjerkstra

Anne Tjerkstra wie skipper op it Steatejacht Friso. ‘De moaiste baan dy’t der bestiet,’ seit er sels. Hy makke fan tichtby kommissarissen as Rijpstra, Wiegel, Hermans en Nijpels mei. De gentleman-skipper, waard er wol neamd. Hy striele altyd nivo, mar ek in foarm fan distânsje út.

Hiel oars wie er as skûtsjeskipper. Dan stie er tusken syn bemanningsleden, brûkte de skipperstaal en koe rûch yn ‘e mûle wêze.

En wer oars wie er as rider fan ‘wylde’ Alvestêdetochten: der wie er de reedrider dy’t it om de prestaasje en aventoer te dwaan wie. En dy’t geniete fan it kabaal, it ôfkarren troch de wichtige minksen fan de offisjele Alvestêdetocht en de stikken yn de krante, dy’t dêrnei kamen.

Wa is de echte Anne Tjerkstra? Yn dit boek besiket Jan de Vries in antwurd op dy fraach te finen. Hy docht dat troch Tjerkstra safolle mooglik sels oan it wurd te litten. Dat levere practige ferhalen op oer syn bernejierren op in skûtsje, mar ek oer de pommeranten op it Steatejacht, een klaverjassende prins Bernhard en skûtsjeskippers dy’t inoar  op it wetter nei it libben steane.

Frysk, paperback, 144 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789056152581