Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Anna

Anna

€ 19,50

Snel Overzicht

Leverber fan 16 desimber 2017 ôf

OF

Details

De roman Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy't letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy't se harsels as fromme boargers oplein hiene.
Neitiid dogge se alle war dat foar de jongere famyljeleden en nei bûten ta ferburgen te hâlden. Dat guon earwearde hearen dêr út en troch ek dy belutsen wiene makke it geheimhâlden ekstra needsaaklik. It fermoeden fan it bestean fan dôfpotten lykop mei it bestean fan in ynterne machtstriid hawwe de ferhâldingen binnen de famylje gjin goed dien. Wylst yn Dútslan leden fan de Rote Armee Fraktion besykje ynfornmaasje oer de hannel en wannel fan de Fan it Hofs te sammeljen, ûntstiet der in leafdesrelaasje tusken twa leden Anna en Onno - fan de famylje. 
As dúdlik wurdt dat de famylje mei in ramp te krijen hat en dat as gefolch dêrfan Onno út it sicht ferdwine moast, begjint Anna oan har syktocht troch de famyljegeheimen, belangen en relaasjes om ynsjoch te krijen hoe't it allegear sa fier kommen is.

Oer De Achttjin (2016) fan Aggie van der Meer:
De Achttjin van Aggie van der Meer verdient het om vertaald te worden in het Nederlands, in het Duits, Tsjechisch, Spaans, Russich, Engels, want het is een boek van wereldformaat. - Jelle van der Meulen, www.frieseliteratuur.nl.

"De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha" - Abe de Vries.  

   

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789492176646