Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Achterlik Fryslân

Achterlik Fryslân

€ 7,50

Snel Overzicht

Achterlik Fryslân
en oare columns fan Douwe Kootstra
OF

Details

Achterlik Fryslân
en oare columns fan Douwe Koostra

Douwe Kootstra is ferhaleferteller, ymker, skriuwer, kuierder, reizger en net yn 't lêste plak columnist. Lang wie er mei syn skerpe, dwers-kritise en faak fermaaklike columns te hearren op Omrop Fryslân.

Hy skriuwt al jierren columns foar it magazine fan It Fryske Gea. It binne koarte, kritise en 'griene' teksten: se ha gauris te meitsjen mei natuer en miljeu. Op humoristyske wize behannelet er in bûnt ferskaat oan ûnderwerpen lykas jacht, landschapspijn, miljeubelied, bijen, aaisykjen, túnkabouters, blêdblazers, greidefûgels, stienmurden en it iepenbier ferfier. Ek docht er geregeld ferslach fan syn bysûnder natueropservaasjes yn binnen- en bûtenlân. Sa is er bygelyks yn Katalonië, Nova Scotia, it Midden-Easten, Peasens-Moddergat en op Flylân.

Douwe Kootstra publisearre fiif boeken mei reisferhalen en skreau yn 2001 it Fryske boekewikegeskink.

Foar Achterlik Fryslân makke hy in seleksje út de columns dy't fan 1999 oant 2016 yn it magazine fan It Fryske Gea ferskynden.

Frysk, paperback, 96 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 814041 0 2