Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten

Meer Views

42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten

Yllustrator: Steffen Walentowitz
€ 8,95

Snel Overzicht

42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten
natoergids foar bern yn it Frysk en Platdútsk
OF

Details

42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten

Der falt hiel wat te ûntdekken yn dizze natoergids foar bern mei 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens en twa talen:
it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân.

Oan de kust bart wat ûngewoans. Twa kear deis lûkt de see him werom en jout de seeboaiem frij. It wetter komt en giet. Eb en floed wurdt dat neamd.
De seeboaiem bestiet út sân en in hiel soad slyk, it saneamde waad. It griisbrune slyk is ûnfoarstelber ryk oan bisten en planten.In ûneinich soad moksels, wjirms, kreeften en algen libje op en yn ’e boaiem. En yn ’e slinken dy’t troch it Waad rinne, binne hielwat fisken te finen. Foar fûgels is de kust in rynsk klearmakke tafel.Se kinne der hearlik ite en fretten fine foar harren jongen.
De Waadsee is it grutste waadgebiet fan ’e wrâld. In geweldich grut lâningsplak foar miljoenen hongerige trekfûgels, dy’t der útrêste kinne, en in prachtich plak foar briedfûgels. Hiel wat fûgels bouwe harren nêsten fuort oan ’e râne fan it waad, benammen yn ’e dunen op de eilannen en op de kwelders. De Waadsee is sa belangryk dat er as Nasjonaal Park strang beskerme wurdt en ta wrâlderfgoed ferklearre is.

Frysk en Platdútsk, ynbûn, 100 siden, útjouwerij Afûk

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân,  Ostfriesische Landschaft, Nationalpark Wattenmeer

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee